'Nij ûndersyk feefoersektor'

02 feb 2005 - 07:07

De Twadde Keamer moat ûndersyk dwaan nei slimme misstannen yn de feefoersektor. Dat wol it Fryske Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar (PvdA). Yn in útlekt ûndersyksrapport oer miljeukriminaliteit docht bliken dat der noch hieltyd feefoerprodusinten binne dy't bygelyks ôffalstoffen troch it feefoer dogge. Dêrtroch komt de foedselfeiligens bot yn gefaar.

Tichelaar tinkt der oer in nij parlemintêr ûndersyk oan te freegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)