'Nij ûndersyk dea Parregeaster'

18 des 2003 - 00:00

De dea fan Tom Oldenbroek (doe 17 jier) fan Parregea moat op 'e nij ûndersocht wurde. Dat wol advokaat De Witte, riedsman fan de mem fan it slachtoffer. Neffens de mem en de advokaat giet it mooglik om in misdriuw.

Hast fjouwer jier lyn kaam de jonge ûnder fertochte omstannichheden om it libben. Hy waard fûn yn in sleat by Skraard. De jonge waard doe al fiif dagen fermist. Justysje seit noch dat der gjin sprake is fan in misdriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)