Nij ûndernimmersfûns op It Hearrenfean

24 nov 2014 - 12:21

Bedriuwen op It Hearrenfean betelje tenei op eigen fersyk mear ûnreplikesaakbelesting. Mei de opbringst wurdt in ûndernimmersfûns fan goed 300.000 euro ynsteld, wêrmei't it ekonomysk klimaat fersterke wurde moat. It jild wurdt brûkt foar promoasjeaktiviteiten, mienskiplike ynkeap, eveneminten, arbeidsmerkprojekten en gearwurking mei it ûnderwiis.

De gemeente hat lang mei de ûndernimmers praat, om't der ek tsjinstanners wienen. Dochs wol it kolleezje fan b. en w. it foarstel foarlizze oan de gemeenteried. Dy praat der op 15 desimber oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)