Nij ûnderkommen tsjotters Heech hast klear

22 jul 2015 - 14:06
  • It nije tsjotterûnderkommen yn Heech

It nije ûnderkommen fan de tsjotters yn Heech is hast klear. Tongersdei wurde de lêste dakpannen lein. It nije gebou moat der foar soargje dat de antike boaten faker op it wetter komme, om't se tichteby de Hegemer Mar lizze.

Earder leine de tsjotters yn in tydlik ûnderkommen fier fan de mar. De Friese Tjottervloot en WetterSportferiening Heech wurkje no gear yn it nije gebou, sadat de tsjotters faker brûkt wurde kinne troch jongeren of foar bedriuwsfeesten. Dat smyt boppedat jild op, wêrmei't de boaten ûnderhâlden wurde.

Fan 22 augustus ôf moatte de earste aktiviteiten yn Heech plakfine. De iepening fan it gebou is takom jier, as it gebou hielendal klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)