Nij type wynmûne ûntwikkele

21 jan 2003 - 00:00

In bedriuw út Ljouwert hat in nij type wynmûne ûntwikkele. De mûne dy't op in sipel liket draait horizontaal yn plak fan fertikaal. Omwenners ha dêrtroch gjin lest fan slachskaden en de lûdsoerlêst is minder.

De mûne fan De Energie Adviseurs levert wol minder stroom op as de tradisjonele wynmole. It rendemint is ferlykber mei dy fan in pear sinnepanielen. De nije mûne kin fral ynset wurde as oanfolling op de besteande foarsjennings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)