Nij tyltbedriuw ferbout teff

17 jul 2003 - 00:00

Sawat njoggentich bouboeren út Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe in nij tylt- bedriuw oprjochte foar de produksje fan teff. Teff is in gersachtige graansoart dy't brûkt wurdt foar it meitsjen fan glutefrij iten. Yn Nederlân hawwe sawat 400.000 minsken in glute-allergy.

De bouboeren tinke dat it telen fan teff rendabel wêze kin. Meiïnoar ferbouwe se likernôch 600 bunder. Moalprodusint Koopmans yn Ljouwert ferwurket de teff ta moal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)