Nij tydskrift fan bisdom

28 aug 2012 - 11:46

It blêd fan bisdom Ljouwert-Grins krijt in nije titel, in oare foarm en ynhâld. It blêd mei de namme Spreek! is ûntstien fanwege besunigings. It ferskynt net mear tsien, mar fiif kear yn it jier. It moat ta diskusje liede en ek nijsgjirrich wêze foar net-katoliken. Biskop De Korte wol dat katoliken mear prate oer it leauwen. Hy jout sels yn it earste nûmer it foarbyld troch in twapetear mei de boargemaster fan Grins.

Op 8 septimber ferskynt de earste Spreek! Dy wurdt oanbean oan biskop De Korte, dy't dan syn sulveren prysterjubileum fiert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)