Nij tv-program: De Feriening

29 aug 2006 - 17:35

It homokoar fan Ljouwert, de feriening fan Fryske V8-riders en de majorettes út Warkum. Dizze en noch fiif oare ferienings steane sintraal yn in nij programma dat fan takom wike ôf op Omrop Fryslân Tillevyzje te sjen is.

It programma hjit De Feriening en beljochtet de hieltyd gruttere rol dy't ferienings yn it libben fan de Friezen spilet. De feriening is alle woansdeis fan 6 septimber ôf by Omrop Fryslân Tillevyzje te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)