Nij turntalint nei Hearrenfean

15 aug 2008 - 20:34

It 18-jierrige turntalint Jeffrey Telussa út Vlissingen komt nei it Turnsintrum Sportstad Hearrenfean. Telussa is lid fan de Jong Oranje seleksje en heart yn syn leeftydskatergory ta de grutste talinten fan Nederlân.

Telussa is mearfâldich Nederlânsk kampioen by de junioaren en turnt fan it oankommend seizoen ôf by de senioaren. Telussa sil diel útmeitsje fan it team dêr't ek ûnder oaren Epke en Herre Zonderland yn sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)