Nij Tryater-stik 'Lette ropping'

20 sep 2006 - 10:59

Begjin oktober giet by Tryater it stik 'Lette ropping' yn premjêre. It stik is skreaun troch Bouke Oldenhof, spesjaal foar Tryater. 'Lette ropping' is basearre op in wierbard ferhaal oer in koster, syn frou en de nije dûmny.

It is in stik oer hiel gewoane minsken. Yn in tiid dat der in soad te kiezen falt, binne der ek minsken dy't neat te kiezen ha. Ut fassinaasje en sympaty foar dizze minsken, kreëarre Oldenhof it stik 'Lette ropping'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)