Nij trouplak Kollumerlân

28 mrt 2006 - 17:59

It tsjerkje fan Lytsewâld (Augsbuurt) yn Kollumerlân wurdt nei alle gedachten troulokaasje. B en W wolle dêr mei de ried oer prate. Op dit stuit kin op twa plakken yn Kollumerlân troud wurde: it gemeentehûs yn Kollum en Fogelsangstate yn Feankleaster.

Omdat breidspearen graach mear kar hawwe wolle, siket de gemeente nei mear lokaasjes, lykas it tsjerkje fan Lytsewâld. Eigner Stifting Fryske Tsjerken is posityf oer it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)