Nij topstik foar Princessehof

23 maaie 2003 - 00:00

Museum It Princessehof yn Ljouwert hat opnij in topstik oankocht. It giet om in Frysk tegeltablo út de 18e ieu. It is makke troch keunstner Dirk Danser fan Harns. It wurk bestiet út 40 tegels en dêrop is in beskildering te sjen fan Jezus op 'e mar fan Galilea.

It tegeltablo wie yn partikulier besit en is oankocht troch de Ottema-Kingma stifting. It tablo is fan Himelfeartsdei ôf te sjen yn it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)