Nij toerismekantoar Harns

02 apr 2007 - 20:10

Toeristen dy't in besite bringe oan Harns kinne foar harren ynformaasje tenei terjochte by in spesjaal Toeristysk Ynformaasje Punt. It nije kantoar oan de Sint Odolphsteeg is moandei offisjeel iepene.

It nije Ynformaasjepunt is mei help fan de gemeente opsetten en it earste jier sil de gemeente ekstra finansjeel byspringe. Dernei moatte de ûndernimmers it foar it grutste part drage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)