"Nij Thialf yn Almere"

24 feb 2012 - 08:24

Der binne plannen foar de bou fan in nij Thialf yn Almere. Dat skriuwt it Algemeen Dagblad freed. Neffens de krante wurde de plannen fluch konkreet, no't dúdlik is dat Thialf op It Hearrenfean ferboud wurdt en der gjin nij iisstadion komt by it Abe Lenstrastadion.

Yn Almere leit in plan foar in stadion mei twa 400 meterbanen en plak foar 20.000 taskôgers. De kosten wurde rûsd op 60 miljoen euro. It plan komt fan in ûntwikkelingsburo dat al iisstadions delsette yn Kolomna en Astana. De gemeente Almere en de KNSB binne posityf oer it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)