Nij Thialf bij fuotbalstadion

09 mrt 2011 - 09:36

It nije Thialf soe by it Abe Lenstrastadion komme moatte. By de iistimpel wurde ûnder oare in bobslide-, in shortrack- en in curlingbaan pland. Dat wol reedridersbûn KNSB. De plannen kostje 100 miljoen euro. It renovearjen fan Thialf is gjin opsje.

Neffens Doekle Terpstra fan 'e KNSB binne de plannen helber. Ryk, provinsje en de gemeente moatte dan al ta de bûse. Ek it bedriuwslibben moat meibetelje. Foar de simmer moatte de nijbouplannen rûn wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)