Nij Thialf: bewenners ferdield

21 feb 2012 - 10:37

Bewenners fan It Hearrenfean binne noch altyd ferdield oer de plannen foar in nij Thialf. Dat die moandei bliken by in ynformaasjejûn op it gemeentehûs. Guon belangegroepen binne benaud foar oerlêst en parkearproblemen as der nij boud wurdt njonken it Abe Lenstrastadion.

Ek ha guon ûndernimmers soargen oer de finansjele helberens fan 'e plannen. Op 5 maart nimt de Feanster gemeenteried in beslút oer de takomst fan Thialf. Op de jûn koe elts ynsprekke oer nijbou by Sportstêd of op it hjoeddeistige plak.

No woansdei bûge de partijen yn provinsjale steaten harren oer in nij Thialf. Op 5 maart is dan ek de gemeenteried fan Hearrenfean oan set. De VVD-fraksje dêr hat moandeitejûn al witte litten te kiezen foar fer- en nijbou op de hjoeddeistige lokaasje. Neffens in ferklearring fan de VVD hawwe ek in soad reedriders in foarkar foar in nij Thialf op de besteande lokaasje. Foar gearwurking mei de Sportstêd is ferhuzing nei it Abe Lenstrastadion net perfoarst nedich, sa ornearret de VVD.

De gearkomste fan provinsjale steaten is woansdei live te folgjen op ús temakanaal www.omroplive.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)