Nij team Anouska Koster

29 sep 2011 - 22:42
  • Anouska yn aksje

De 18-jierrige Anouska Koster fan De Westereen rydt takom jier by it Dolmans Landscaping Team. It talint hat ferskate oanbiedings fan teams krigen, mar hat sels foar Dolmans keazen. Neffens Koster hat de ploech in goede oplieding foar jong talint.

Anouska Koster is lid fan hurdfytsferiening Otto Ebbens. Se bliuwt dat ek. Koartlyn die se noch mei oan it WK hurdfytsen yn Kopenhagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)