Nij tankstasjon foar boaten

09 apr 2007 - 14:43

Boatsjefarders kinne tenei ek tanke by Dronryp. Dêr waard moandei in nij tankstasjon iepene yn de haven njonken it Van Harinxma-kanaal.

De lêste jierren binne der hieltyd minder plakken kaam dêr't tankt wurde kinne op it wetter. Hjir kin diesel én bensine tankt wurde. Klanten genôch, tinkt de eigner, want yn noardwest- Fryslân binne oars net in soad mooglikheden om te tanken mei de boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)