Nij: taal fan it hert

09 feb 2005 - 15:12

Taal fan it hert. Sa hjit it nije foarljochtingsboekje oer it Frysk fan de provinsje. Ald-deputearre Dieuwke de Graaff-Nauta fan Snits krige tiisdei it earste eksimplaar út hannen fan deputearre Bertus Mulder.

De Graaff-Nauta fynt it tige wichtich dat der goed foarljochtingsmateriaal oer it Frysk is. "Dêr is ferlet fan en sa kinne je ek wat dwaan oan de misferstannen." It âlde boekje 'De Friese taal' wie al in hiel skoft op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)