Nij: taal fan it hert

08 feb 2005 - 22:46

Taal fan it hert. Sa hjit it nije foarljochtingsboekje oer it Frysk fan de provinsje. Ald-deputearre Dieuwke de Graaff-Nauta fan Snits krige tiisdei it earste eksimplaar út hannen fan deputearre Bertus Mulder. It boekje is beskikber yn fjouwer talen; it Frysk, it Nederlânsk, it Dútsk en it Ingelsk.

De Graaff-Nauta trune al in skoft oan op nij foarljochtingsmateriaal. "Dêr is ferlet fan en sa kinne ek wat dwaan oan misferstannen", sa sei frou De Graaff.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)