Nij systeem om skiep en lammen te selektearjen

29 jun 2015 - 19:42

Skieppehâlder, feehannelers en slachters binne moandei úteinset mei in nij systeem om skiep op ûnder oare kwaliteit te sortearjen en te selektearjen. De mooglikheden om skiep te sammeljen en dêrnei itselde slach skiep of lammen byinoar te setten foar eksport of slacht binne yn de rin fan de tiid aardich minder wurden.

Dat sit de hannel en dêrmei de hiele sektor dwers. Dêrfoar is no in oplossing betocht mei de namme Profitschaap. De nije oanpak skeelt ek kilometers riden mei fee en is better foar it miljeu.

It offisjele startskot fan it projekt is op moandei 6 july op de Ljouwerter feemerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)