Nij swimbad yn Appelskea

24 mrt 2011 - 11:52
  • Boskbad Appelskea moat fernijd wurde, sizze b. en w.

Yn Appelskea komt in nij subtropysk swimbad en Easterwâlde krijt in nije sporthal. Sportkompleks Boekhorst yn Easterwâlde wurdt sloopt as de nije sporthal en it swimbad klear binne. Op dat plak komme dan huzen. Dat stiet yn 'e plannen fan boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf.

Yn jannewaris makke de gemeente noch bekend dat it kontrakt mei de exploitant opsein wie. Der soe noch sjoen wurde hoe't it fierder moast mei de akkomodaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)