Nij swimbad foar Nij Beets

11 feb 2001 - 19:32

Mei de bou fan it iepenloftswimbad yn Nij Beets is sneon lang om let begûn. Oardeljier lyn waarden de plannen presintearre. De nijbou komt op it plak fan it âlde bad De Blauwe Kamp dat doarpsbewenners 40 jier sels eksploitearren.

De 1500 ynwenners brochten ferline jier trije ton by elkoar. De gemeente stipet mei 3,5 ton. Yn totaal kostet de nijbou 1,1 miljoen gûne. Yn juny is it klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)