Nij sûnenssintrum op 'e Jouwer

31 des 2004 - 16:10

Wenningstifting Haskerland en soarchynstelling Hof en Hiem stekke 38 miljoen euro yn nij sûnenssintrum, in nij soarchsintrum en mear as 200 wenten op 'e Jouwer. In grut part fan 'e foarsjennings komt yn 'e âld Sevenwoldenskoalle oan 'e Hurddraversdyk.

Achter de skoalle komt nijbou. Soarchsintrum Vegelinshof mei 32 fersoargingsplakken sil nei de nije lokaasje ferhúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)