Nij stik Jorwert 'Tuskentiid'

15 mrt 2009 - 13:20
  • Regisseur Tjerk Kooistra

Iepenloftspul Jorwert spilet fan 27 augustus oant en mei 26 septimber 2009 it stik 'Tuskentiid'. De kaartferkeap set út ein op 30 maaie. 'Tuskentiid, je moatte der yn leauwe' spilet him ôf om Sinteklazetiid hinne, de tiid fan pakjes, gedichten en sûkeladeletters.

Tuskentiid is in stik oer leauwen: yn mearkes, jinsels, de takomst en yn Sinteklaas... De rolle wurde spile troch ûnder oare Douwe de Bildt, Wiepkje Castelein en Eke Born. Tjerk Kooistra regisearret it stik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)