Nij sportsintrum yn Nijhoarne

01 apr 2010 - 14:51

Nijhoarne krijt in multyfunksjoneel sportsintrum. Der is jierrenlang oer praat troch de gemeente, de sportferienings en Pleatslik Belang. De gemeente Hearrenfean lûkt 5,4 miljoen út foar it nije sportkompleks oan 'e râne fan it doarp.

Der komt in sportgebou mei oefenhal, klaairomten, kantine en romte foar gearkomsten. Der komme ek fjilden foar fuotbal, kuorbal em tennisbanen. Op de frijkommen sportfjilden wurde nije huzen boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)