Nij sportkompleks moat fjildproblemen yn Deinum oplosse

30 nov 2015 - 08:46

De doarpen Deinum en Boksum sjogge út nei de komst fan in nij sportkompleks. De faak wiete fjilden fan fuotbalklup Sparta '59 Deinum, de keatsferiening en kuorbalklup TDK binne sportyf sjoen in toarne yn it each fan de ferienings. Dit soe ferholpen wêze mei de komst fan in nije sportakkommodaasje yn de rjochting fan 'It Holt'. Dêr komt romte frij no't de âlde N31 fuorthelle wurdt.

Dochs binne der ek lûden yn de doarpen om net te fusearjen ta ien grutte omniferiening. Sa hellet de fuotbalklup in hiel soad ynkomsten út de kantinejilden.

As omniferiening soene se dy ynkomsten diele moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)