Nij spoarfiadukt by Snits

18 sep 2006 - 10:55

Tusken Snits en Ljouwert is snein in nij betonnen spoarfiadukt fan in miljoen kilo pleatst. Dêr sil letter de autodyk ûndertroch rinne. De operaasje wie technysk in behoarlike útdaging, ek omdat it treinferkear der moandei gewoan wer oerhinne moast.

It fiadukt is earst boud op 50 meter fan de oergong. Doe moasten snein de spoarrails fuorthelle wurde en moast der in gat groeven wurde foar it fiadukt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)