Nij spoar yn museum Snits

22 jan 2011 - 13:41
  • Bouwer Jappie Strikwerda by de Trix Express nostalgybaan

De offisjele útwreiding fan it Nationaal Modelspoormuseum yn Snits mei dan noch net begûn wêze; der bart al fan alles achter de noch tichte doar nêst it NS-loket dêr't de útwreiding komme moat.

Der wurdt op dit stuit wurke oan in nostalgybaan en dêr bliuwt it net by. Der komt bygelyks ek in modelspoarbaan mei Noarwegen as tema. It publyk kin der no noch net terjochte, mar as der aanst mear stiet, kin dat wol ûnder begelieding fan in suppoost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)