Nij spoar Warkum-Starum

05 apr 2002 - 00:00

Freedtemoarn betiid is de NS út ein set mei de fernijing fan it spoar tusken Warkum en Starum. Fiif wike lang ride der op it trajekt gjin treinen. Reizgers kinne wol yn in bus stappe.

It wurk bart allegear oerdeis. Mei in spesjale wagon fan in pear hûndert meter lingte wurde ien foar ien de âlde houten bielzen ferfong troch betonnen. It âlde spoar is fan tritich jier lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)