Nij soart waarfersekering

14 feb 2012 - 20:28

Nei de mislearre kollektive minwaarfersekering fan de LTO, kin in boer dy't syn opbringst fersekerje wol tsjin it risiko fan ekstreem waar no by inkele fersekerders telâne. Mar it bedriuw DCA Vermogensbeheer hat wat nijs betocht: it waarsertifikaat. As it waarsenario dêr't jo jo tsjin fersekerje wolle útkomt, krije jo jild útkeard - oft jo no skea ha of net. It bedriuw rjochtet him foaral op bouboeren. Mar net allinne boeren kinne har fersekerje tsjin min waar. Ek by eveneminten kin it risiko fan in ferreinde dei ôfdutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)