Nij soart turnmatte

21 feb 2011 - 09:54
  • De nije turnmatte fan Sidijk yn Grou

By Sportstêd Hearrenfean is in nije turnmatte ûntwikkele. De matte liket wol op in út himsels opblazend kempingmatras. It is makke mei it luchtkessenfabrikant Sidijk fan Grou. De oanskaf fan sa'n matte is folle goedkeaper as oare turnmatten. Boppedat is de nije turnmatte binnendoar en bûtendoar te brûken.

Turncoach Tjalling van den Berg is entûsjast oer de nije matte. Benammen ek om't de matte geskikt is foar oare sporten as turnjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)