Nij soart krûdich bargefleis

26 sep 2012 - 13:57

In lytse 20 noardlike bargeboeren wolle dat hoareka en ambachtlike slachters mear belangstelling krije foar har fleis. Har bargen krije oar iten dêr't ek krûden ynsitte lykas oregano en jeneverbes. Dat soe steviger fleis opsmite en sûner wêze foar de bargen. Bargehâlder John Lorist fan Himmelum brûkt it nije fretten foar de bargen as ien fan de earsten en hat it plan ek mei betocht. Hy besiket al langer om minder antibioatika te brûken yn syn bargehâlderij. It merk Friberne wurdt earst oanbean oan Fryske ambachtlike slachters en hoareka.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)