Nij soart hypoteek

26 nov 2004 - 16:45

De Ljouwerter projektûntwikkelder Seinen BV hat in nije hypoteek betocht. Dy sil in grutte feroaring yn 'e fersekeringswrâld feroarsaakje, seit direkteur Henk Seinen sels.

Minsken kinne tenei 50.000 oant 100.000 euro besparje op it fersekeringspakket. De 'satellythypoteek' wurdt mei de ABN Amro Bank op 'e merk brocht. It grutte ferskil mei oare fersekerings is dat der by dizze hypoteek minder belesting betelle wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)