Nij soart griene eart teeld yn Sint-Jabik

23 okt 2015 - 16:45

Fryslân is in nij soart griene eart riker. Op 8 novimber wurdt it âlde ras by restaurant De Zwarte Haan op 'e nij yntrodusearre ûnder de namme Dik Trom. It ras waard yn de jierren '60 en '70 in soad ferboud troch de firma Mansholt. Dêrnei ferdwûn de eart út byld.

Piet Hoekstra fan Sint-Jabik hat no mei in hânfol earten in bloeiende teelt opset. De eartesoart hat l it 'Waddengoud-keurmerk' krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)