Nij soarchsintrum yn Aldegea

12 nov 2003 - 00:00

Alderen yn Aldegea (Sm) en omkriten kinne fan woansdei ôf yn it nije sintrum It Lytshûs terjochte foar trochgeande stipe en soarch. Neist in dei-opfang en in sprekoere fan de Rabobank is der yn it sintrum ek plak foar aktiviteiten en sprekoeren.

It foardiel fan it sintrum is dat âlderen yn de eigen omjouwing terjochte kinne foar soarch. Boppedat kinne se langer thús wenjen bliuwe. Doel is dat der noch mear fan sokke sintra komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)