Nij soarchsintrum Erasmus yn Ljouwert wol smûk doarp wêze

20 jan 2015 - 12:16
  • Erasmus: gjin soarchsintrum mar in 'smûk doarp' neffens Noorderbreedte

It nije soarchsintrum Erasmus yn Ljouwert, mei mar leafst 225 apparteminten en oanleunwennings, moat net oerkomme as in grutte ynstelling, mar as in smûk doarp. Dat is it nije soarchkonsept dat Noorderbreedte tenei yn alle soarchsintra tapasse wol.

Dizze wike ferhúzje de bewenners nei it nije Erasmus oan de Himpinserwei. It multyfunksjonele wensoarchsintrum biedt romte oan bewenners mei soarchfragen op alle nivo's, fan lichte húshâldlike stipe oant yntinsive 24-oeresoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)