Nij soarchkonsept De Parrebeam

28 aug 2014 - 17:19
  • âlderein

Te goed foar in fersoargingshûs, mar eins net mear thús wenje kinne. Foar dizze groep âlderen is it nije soarchkonsept Noorderbreedte State De Parrebeam yn Sint Anne in útkomst. Hieltyd mear âlderein kin pas let yn in fersoargingstehûs terjochte. Mei it nije soarchkonsept wol Noorderbreedte minsken opfange, dy't tusken wâl en skip driigje te fallen.

De Parrebeam is in lytsskalige wenfoarsjenning foar âlderen dy't lichte soarch nedich ha, mar noch wol selsstannich wenje. Freed is de offisjele iepening. Der is noch plak foar nije bewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)