Nij Smellinghe drok yn Fryslân

31 jan 2013 - 12:42
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe set de gearwurking mei it Martini sikehûs út Grins en it Wilhelmina sikehûs út Assen op in sêft sin. De fokus giet foarearst út nei gearwurking yn de eigen provinsje. De trije sikehuzen sykje sûnt sa'n oardel jier nei gearwurkingsfoarmen om de effisjinsje fan de soarch te ferbetterjen en de kosten te ferleegjen.

Mar Drachten hat it te drok mei de fúzje mei soarchgroep Pasana út Dokkum, foaral bekend fan sikehûs Sionsberg, en mei it projekt Friesland Voorop.

Dy fokus op Fryslân jout net genôch romte foar yntinsive gearwurking mei de Grinzer en Drintse partners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)