Nij Smellinghe tydlik ticht

03 feb 2014 - 13:00
  • Sikehûs Nij Smellinghe
  • Breuk yn wetterlieding by sikehûs Nij Smellinghe
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

In grut diel fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is op dit stuit ticht. It giet om de polykliniken, spoedeaskjende hulp, operaasjekeamers en ferloskeamers. Oarsaak is in breuk yn de wetterlieding, wêrtroch it sikehûs gjin wetter hat.

De ferwachting is dat it probleem pas oan de ein fan de dei oplost is. Dêrom binne alle rinnende ôfspraken foar hjoed ôfsein. Pasjinten dy't yn it sikehûs lizze kinne wol bliuwe, nije pasjinten wurde sa nedich trochferwiisd nei oare sikehuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)