Nij skûtsje De Gaastmar fierhinne klear

25 mrt 2016 - 09:59
  • De tinte giet der ôf, sadat it skûtsje ôfboud wurde kin

Op Goedfreed wurdt op De Gaastmar de tinte ôfboud, dy't dêr sûnt novimber stiet, om it nije skûtsje fan De Gaastmar op te bouwen. It doarp sil mei yngong fan dit seizoen mei it nije skûtsje meidwaan oan de wedstriden fan de IFKS. De hiele bemanning hat de ôfrûne winter drok dwaande west om it nije skûtsje safier te krijen.

It skûtsje sil útkomme yn de grutte C-klasse, mar hat, sa hoopje se op De Gaastmar, seker potinsje om te promovearjen. Der binne al sa'n twatûzen manoeren yn it skip stutsen. De namme fan it nije skûtsje is 'De Dageraad'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)