Nij skoalgebou op It Fean

14 apr 2010 - 19:56

De gemeente Hearrenfean stekt fiif miljoen euro yn in nij gebou foar it spesjaal ûnderwiis. De master Duisterhoutskoalle en It Oerset komme by-elkoar yn in nij gebou yn Skoatterwâld, neist it AOC. Beide skoallen sitte no noch yn fjouwer ferâldere gebouwen en sochten al langer nei in bettere húsfesting.

Yn prinsipe lei der fjouwer miljoen euro klear foar de húsfesting, mar dat budzjet wurdt ferhege nei 5 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)