Nij skoalgebou foar spesjaal ûnderwiis RENN4 yn Ljouwert

14 jan 2015 - 20:29

In nij skoalgebou foar spesjaal ûnderwiis wylst der rûnom beknibbele wurdt op it ûnderwiis. It klinkt as in tsjinstelling, mar dochs slagge it ûnderwiisorganisaasje RENN4 it yn Ljouwert. Woansdei waard de middelbere skoalle offisjeel iepene.

It âlde gebou wie bot ferâldere. De nije skoalle hat grutte praktyklokalen foar ûnder oare technysk en kulinêr ûnderwiis. Mei it oanbringen fan sinnepanielen wurdt dêrnjonken ek besocht om de skoalle griener te eksploitearjen. It nije skoalgebou, mei de namme De Monoliet, hat goed 6 miljoen euro koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)