Nij skip yn gebrûk by Unisea

11 okt 2009 - 16:09
  • Nautysk-technysk direkteur Gerald Jager foar it nije skip

Troch in tal wat fierdere bestimmings te kiezen, yn Afrika en Súd-Amearika, kin rederij Unisea Shipping fan Snits ek yn dizze ekonomysk drege tiid de holle boppe wetter hâlde.

Alle skippen farre no en dat kin net elkenien sizze want de konkurrinsje is hiel grut. In soad jild wurdt no dus ek net fertsjinne. Sneontemiddei is it nijste skip offisjeel yn gebrûk nommen: de Beautriton. It skip kin hast 7000 ton lading ferfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)