Nij skip Seefeartskoalle

08 feb 2007 - 16:11

De seefeartskoalle yn Harns hat in nij opliedingsskip. It skip kaam tongersdei oan yn 'e havenstêd. De learlingen mochten der fuortendaliks op om it te besjen.

It skip bestiet út in passazjierspart mei as namme Prinses_Máxima en in tanktriuwbak dy't Prinses_Amalia hjit. It opliedingsskip hat 3,6 miljoen euro koste. Dat jild is foar in grut part betelle troch sponsoaren út de binnenfeartyndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)