Nij skeelerteam mei Fryske top

24 apr 2014 - 20:28

De nije sponsorkoälysje Clafis-A-Ware-Fronterra set dizze simmer útein mei in eigen skeelerteam. Se dogge dat yn de mande mei Powerslide, dy sil de materialen leverje. Under oare Bob de Vries, Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma sille foar it team meidwaan oan skeelertoernoaien. Dizze wike dogge se dat yn Emmeloard en Oldebroek dêr't in maraton ferriden wurdt.

Coach Jillert Anema is bliid mei dizze nije mooglikheid foar syn riders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)