Nij sintrum Hollum iepene

05 jul 2013 - 14:59
  • De iepening fan it sintrum fan Hollum
  • De Hollumer mûne is restaurearre

It fernijde sintrum fan Hollum op It Amelân is freed op feestlike wize iepene. Dat is dien troch boargemaster Albert de Hoop. Ferline jier is de gemeente Amelân begûn mei de werynrjochting fan Hollum. It sintrum is foar in part autofrij makke, der is nije duorsume strjitferljochting oanlein en der is mear grien yn it sintrum oanlein.

Ek is de nôt- en mostermole yn it doarp ferboud. Ek dy is offisjeel wer yn gebrûk naam. De provinsje Fryslân hat oan de oanpak fan Hollum meibetelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)