'Nij sintrum gjin konkurrint'

17 des 2008 - 11:37

It gemeentebestjoer fan Ljouwert sil der alles oan dwaan om foar te kommen dat it nije winkelsintrum by de Werpsterhoeke ekstra konkurrinsje betsjut foar de ûndernimmers yn de Ljouwerter binnenstêd. Dat seit wethâlder Gerrit Krol yn in reaksje op de breuk tusken de Ljouwerter ûndernimmersferiening LEON en de gemeente.

LEON stapte yn novimber út in oerlis mei de gemeente oer de bou fan it nije winkelkompleks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)