Nij sintrum foar libbensskôging

20 nov 2003 - 00:00

Skoallen, tsjerken, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes dy't ynformaasje ha wolle oer libbensskôging, kinne fan takom jier ôf telâne by it nije sintrum foar skôglike foarming yn Ljouwert.

It kennis- en advyssintrum is in inisjatyf fan ûnderwiistsjinst GCO, de CHN en de NHL yn Ljouwert. It kennissintrum biedt wurk oan tsien minsken en wurdt húsfeste yn lokaasje De Bouhof fan de NHL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)