Nij sinnepanielfabryk Ljouwert

18 apr 2011 - 11:28
  • Argyffoto Omrop Fryslân

It Noard-Hollânske Solar Electricity Development stekt seis miljoen euro yn in nij sinnepanielfabryk. Dy komt yn Ljouwert en moat yn oktober draaie. It bedriuw hat al twa fabriken yn Súd-Hollân.

Yn Fryslân komme mei-inoar tritich minsken te wurkjen. Yn in jier tiid moatte dêr genôch sinnepanielen makke wurde om Fryslân fan enerzjy te foarsjen. It bedriuw praat meikoarten mei wenningboukorporaasjes oer de ynset fan sinnepanielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)